Banner
BlueGlobe International
My status

Translation Services

Translation Services

Career With BlueGlobe

Banner
Banner
Banner

SAIC

"SAIC is a FORTUNE 500® scientific, engineering, and technology applications company that uses its deep domain knowledge to solve problems of vital importance to the nation and the world, in national security, energy and the environment, critical infrastructure, and health. BlueGlobe International LLC consistently provides language services on a global scale which meet the strict vendor standards required by SAIC."


Fulbright

"BlueGlobe cares .. our expectations were exceeded with accuracy and promptness. A long term relationship will benefit our firm and yours."


Crowell-moring

"Thanks again for extra-ordrinary services."


AAAS

"Friendly staff combined with unusual promptness and services will see our association always requesting BlueGlobe."

* For Translation - click flag

Fryske Oerset Services

Frisian

BlueGlobe International - biedt kwalifisearre Fryske oersetters

Ús profesjonele Fryske} oersetters jouwe oersettingen mei in yngeande kennis fan de boarnetaal, doeltaal en ûnderwerp. Troch it kontraktearen fan tige bekwame, erfaren Fryske oersetters, kin BlueGlobe projekten fan alle soarten en omfang fertale, wêrûnder: websites, e-mail, brieven, tydskriften, juridyske dokuminten, medyske tydskriften, technyske hânliedingen, boeken, resepten, menu’s, ensafh. .. selfs in tatoeaazje! Bygefolch sette wy projekten oer út in grut skala fan wurkterreinen: juridysk, finansjeel, medysk, technysk, marketing, ensafh. Wy bestede grutte soarch oan it foarkommen fan oersetflaters en BlueGlobe kin kliïnten fersekerje dat al it oanlevere materiaal allinnich troch in berne Fryske oersetter oerset wurde sil. De oersetter dy’t foar it projekt ynskeakele wurdt, moat bewizen erfaring en spesifike kennis ha yn it wurkterrein fan it projekt fan de kliïnt. Neist de basis, begripe se ek de ûnderlizzende “taaltrúkjes” dy’t nedich binne foar it beriken fan in perfekte oersetting.

Contact Us Karriêre meitsje?

Bist do in bejeftige professional dy’t bekwaam is yn taalservices? Dan noadzje wy dy út om it online sollisitaasje formulier op dizze website yn te foljen! It is gratis, makkelik en duorret mar 5-7 minuten.

Contact Us Profesjoneel proeflêze

Kwalifisearre en bedreaun as proeflêzer? Opliede of traind yn in spesifyk fjild? Slút dy oan by ús team fan native speakers dy’t nocht ha oan harren ynteressante wurk!

Contact Us Ekspertize

By BlueGlobe International is de op ien nei bêste wêze net akseptabel. Bêstsoartich is ús normale standert. Ús kliïnten komme by ús werom fanwege ús romme ekspertize.

 
Contact Us Nim kontakt mei ús op

Bedriuwen wrâldwiid fertrouwe ús -
... en jo mei koarten ek

Telephone:
+1.541.330.0450
+55.21.2262.1793
+91.172.2561020
Mobile:
+1.541.213.8526
+55.21.2262.1793
+91.981.4535577
Fax (USA-Argentina-India):
+1.541.330.0451
+55.21.2262.1793
+91.172.2561020

www.blueglobetranslations.com

 

Wy biede Oerset Services -
... yn hûnderten talen

Arabysk Hebrieusk
Sineesk Italiaansk
Nederlânsk Japansk
Ingelsk Latyn
Frânsk Portugeesk
Dútsk Russysk
Gryksk Spaansk
Alle Talen

Professional Translation Services Company

Request a Quote

Wêrom BlueGlobe International?

Omdat wy grutsk binne op ús wurk en om resultaten jouwe! As in ynternasjonale merkelieder yn taalservices (oersette, tolke, tekstskriuwe, lokalisearje, ensafh.), binne wy yn staat om op mondiale skaal ús services oan sawol persoanen as bedriuwen oan te bieden. Om 100% akkurate oersettingen ôf te leverjen oan ús kliïnten, binne der yn eltse faze fan de oersetting in searje fan kwaliteitskontrôles oanwêzich. Jo gemoedsrêst is belangryk foar BlueGlobe en jo sille grif de fertsjinne en ferwachte kwaliteit fan ús krije.

  • Hûnderten Belangrike Talen
  • Alle Spesjalisaasjes
  • Meast Konkurrearjende Tariven
  • Kwaliteitsservices
  • Heechste nivo fan service foar kliïnten
  • Fluchst groeiende oersetbedriuw yn de wrâld
  • Hûnderten bewizen Oerset Service Oanbieders
  • Team Konsept fan begjin oant foltôging
  • 24 oeren deis berikbar, 7 dagen yn ’e wike

Ús 10-stappen Kwaliteit Garânsje Programma

It folgjen fan ús stap foar stap kwaliteit garânsje programma garandearret poerbêste kwaliteit foar alle Fryske oersetprojekten:

  1. Elts Frysk oersetprojekt sil analysearre wurde troch in kompetinte projektmanager
  2. In detailleard oersetplan sil formulearre wurde troch de projektmanager
  3. It oersetprojekt sil oan in profesjonele oersetter tawizen wurde
  4. Apart foar it projekt sil in terminologydatabase makke wurde
  5. In CAT-tool sil programmeard wurde foar it projekt
  6. It projekt sil oerset wurde yn it Frysk
  7. Kwaliteitskontrôlepunten binne altyd yn wurking
  8. De oersetting sil yn it frege formaat set wurde (DTP)
  9. De hiele oersetting sil foar in twadde kear proeflêzen wurde troch in native speaker
  10. Definitive Skôging troch de oersetter en de projektmanager – Oerlanging oan é kliïnt

Ús mondiale netwurk fan kwalifisearre, bekwame, profesjonele oersetters garandearret BlueGlobe’s mooglikheid fan in flugge ôfhanneling fan sels it grutste projekt binnen in strakke deadline. Likefolle de easken fan boarnetaal nei doeltaal (Frysk} nei Ingelsk (FS), Ingelsk (FS) nei Frysk)}, of eltse oare kombinaasje fan talen (Yndonesysk-Frânsk, Pashto-Sineesk, ensafh.), de presizens en kwaliteit fan jo oersetting is garandearre by BlueGlobe International.

Oersettariven – Fryske taal

Ferskate faktoaren (soart tekst, winske deadline, oantal wurden fan projekt, dokumintformaat, ensafh.) beynfloedzje de priis fan in oersetprojekt. Klik foar in akkurate offerte ienfâldichwei op (Freegje Offerte) en folje it online formulier yn. De oanbelangjende dokumintbestanden kinne ferfolgens meistjoert wurde, wat ús de ynformaasje en dokumintaasje jout dy’t nedich binne foar in akkurate offerte, sûnder oanfoljende ferboargen kosten.

BlueGlobe International is altyd berikbaar foar ús kliïnten, 24 oeren deis, 7 dagen yn ‘e wike! Ús freonlike stêf sil alles dwaan om jo te assistearen by jo projekt.

Taal Tillefoan Operator
Ingelsk
+1.541.330.0450 (USA)

Ús E-mail helpdesk (24/7) yn:
Ingelsk – Russysk - Spaansk - Sineesk - Frânsk - Japansk
This e-mail address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it

Privacy & Service

De privacy fan ús kliïnten is tige belangryk foar BlueGlobe International. Alle dokuminten, projekten, e-mails, brieven, dokumintaasje, ensafh. falle dmêro ûnder ús strange privacy rjochtlinen. Ús doel is om eltse kliïnt him op syn gemak en fertrout fiele te litten mei ús services. Besiikje derom ús website en besjoch ús Privacybeliid. Wy riede jo oan ús Privacybeliid te downloaden om ús folsleine tawijing oan service en privacy te begripen. Fansels wurdearje wy jo input en partisipaasje! Troch it fêsthâlden oan in hege standert fan yntegriteit en in ûngevenaarde tawijing oan service, hat BlueGlobe mei grutskens boud oan in kliïntêle dy’t ús bedriuw dúdlik fertroud mei harren projekten en persoanlike ynformaasje. As weromkommende kliïnten binne sy ús grutste besit.

Oerset troch Berend Sangers

 

feed-image Feed Entries

Get your FREE QUOTE now or call us directly at 1.541.330.0450 or 541.213.8526 (USA)


Warning: session_write_close() [function.session-write-close]: write failed: Disk quota exceeded (122) in /home/blueglob/public_html/libraries/joomla/session/session.php on line 556

Warning: session_write_close() [function.session-write-close]: Failed to write session data (files). Please verify that the current setting of session.save_path is correct (/tmp) in /home/blueglob/public_html/libraries/joomla/session/session.php on line 556